Logo IJsSoft
 
Nederlands   English   Bahasa Indonesia   Other languages
Sales and support +31 36 5497777

Nederlands

English

Bahasa Indonesia



Wolkom op de side fan IJsSoft Webdesign & Software!

Moai dat jo de gelegenheid nimme ús mei in besite te ferearje!

Omdat wy jo graach sa goed mogelik helpe wolle, fertelle wy graach wat oer ús bedriuw yn jo eigen taal. De oare parten fan de webside binne op dit stuit yn it Ingels en Nederlâns beskikber.

IJsSoft Webdesign & Software is sûnt 1999 dwaande mei it ûntwikkeljen fan webtsjinsten foar har klanten. Jo kinne dan tinke oan promosjonele websides en webapplikaasjes, mar ek oan oplossings op it mêd fan domeinen, hosting en digitaal argivearje.

Us haadkantoar stiet yn Nederlân, Dêr is ek ús sintrale serverpark. Dêrnjonken binne wy oer de hiele wrâld fertsjintwurdige op trije kontininten. Sadwaande kinne wy jo tsjinsten oanbiede dy’t oer grinzen hinne gean, lykas webside mirroring en software download services. Teffens is de fysike opslach fan fitale bedriuwsgegevens íén fan ús aktiviteiten.

Hoewol ’t wy yn de õfrûne jierren groeid binne, soargje wy derfoar, dat wy de situaasje fan ús klanten kenne. Sa soargje wy der altyd foar dat de produkten en tsjinsten dy’t wy leverje goed by jo situaasje en jo budzjet passe.

Troch strategyske gearwurking mei ferskate spesjalistyske partijen en bedriuwen op ferskate kennisgebieten en lannen, kinne wy ynspylje op lokale trends, kenne wy jo lokale merk en kinne wy jo gau akkurate kennis leverje, sadat wy jo projekt suksesfol meitsje kinne.

Fansels sykje wy ek kontinue om nije partners en werferkeapers yn gebieten en lannen, wêr’t wy ús tsjinsten leverje kinne.

Fan hosting oant digitaal argivearje, fan webdesign oant managed servers.
IJsSoft stiet foar jo klear!


Sjoch ek ús webside yn it Nederlâns en Ingels.






Dansk

Deutsch

English

Español

Français

Frysk

Irish/Gaeilge

Magyar

Bahasa Indonesia

Italiano



한국어

Nederlands

Polski

Português

Română

Русский




 

      © 1999-2010 IJsSoft. All rights reserved.   Disclaimer   General terms of business           Bookmark and Share